Dit is in prom sûnder stien, sei de boer en hy iet in slak op.
Guon Friezen hawwe nuvere tinkwizen.
Better is better, sei Styn en hja struide sûker oer de sjerp
It binne yn de Fryske "sei-siswizen" - want sa hjitte dizze siswizen - meastal dôve Japiks, âldwyfkes, dûmny’s, fammen, jongfeinten, Yfkes, feinten en Watse Douwessen dy't harren wat aparte tinzen útsprekke.
Us heit is sa fluch as in skybij, sei de jonge, as in oar falt, leit er al langút
De sei-siswizen mei de aparte logika fan fammen, dôve Japiks en de Watse Douwessen binne eins hast ferdwûn. En dat is net nuver, want der binne op dit stuit yn Fryslân ek net sa'n soad fammen, dôve Japiks en Watse Douwessen mear te finen. De sei-siswizen binne oan fernijing ta, mienden wy, en dêrom hawwe wy in spesjale Fryske tegelsetter makke.
Mei dizze tegelsetter bakke jo tegels sûnder rêdmakkers, jongfeinten en deagravers. Typ jo namme of jo berop yn, jou oan oft jo in manljus- of in frouljustegel meitsje wolle en KLEAR!
Dat is treffen, sei Watse Douwes en hy sloech mei de bile yn it kammenet
Yn ús tegelsetter sitte no sawat hûndert sei-siswizen. Witte jo noch nije? Wy hearre graach fan jo op siswize[@]dutsen.nl. Dy sette wy fansels hjirneist yn ús tegelsetter. Sels betinke mei ek, graach sels!
Twaris fiif is tsien, mar ik hâld der ien, sei de skuonmakker, en doe sei de feint, asto fan nul ien hâlde kinst, hâld dat dan ek mar, en hy smiet de baas it smarselkantsje nei de kop.