naar NL site

resepten

surk, sipels
& oars

  • sipelsop

    500 gram sipels
    2 leppels bûter
    60 gram moal
    1 mingel wetter
    2 blokjes grientebûljon
    sâlt
    piper
    númuskaat
    farske time
    1 ytleppel jittik
    raspe tsiis (krûdsjetsiis/grouwe tsiis)
    eventueel fjouwer hurdseane aaien

    Pel de sipels en snij se yn ringen. Bak se yn’e bûter oant se glêzich binne. De time derby dwaan. Dan it moal dertroch riere – al goed riere, oars krijst klontsjes. Doch dan it wetter mei de twa bûljonblokjes derby en bring it oan ’e soad. Fiif minuten siede litte en op smaak bringe mei sâlt, piper en nútmuskaat. As lêste de jittik derby dwaan. Dopje en prakje de aaien. Ferwaarmje fjouwer djippe pannen. Bestrui mei raspe tsiis en stikjes aai.

  • surksop

    200 gram surk
    75 gram slaad
    75 gram piipkrûd
    1 desiliter rjemme
    (farsk mealle) piper
    seesâlt
    1 mingel wetter

    Waskje de surk, it slaad en it piipkrûd. Alle griente met wat sâlt gearsiede. De geare griente fynhakselje yn in keukenmasine. It siedfocht net fuortsmite (!), mar waarm hâlde en dêr de fynmakke griente wer by dwaan. Opsje: alles yn ’e panne fynmeitsje mei in stêfmikser.
    Rier de rjemme troch it waarme surksop. Op smaak bringe mei piper en sâlt.

  • wâldbeantsjes

    400 gram wâldbeantsjes
    50 gram spek
    2 sipels of 4 sjalotsjes
    time

    De wâldbeantsjes ien nacht weakje litte yn rom kâld wetter. Doch de weakke beantsjes yn in panne mei skjin wetter. Yn sawat 45 minuten gearsiede op in leech fjoer.
    Underwylst de sipels (of sjalotsjes) en de stikjes spek bakke mei wat time.
    Rier de bakte sipels en it bakte spek troch de geare beantsjes.
    Lekker mei brune bôle.

swiete
bôle

  • weakke-bôle-mei-prommen-de-lúkse

    250 gram droege prommen
    8 stikjes âlde wite bôle
    1 desiliter rjemme
    2 teeleppeltsjes kaniel
    bûter
    sûker
    1 pûdsje amandelsnipels

    Waskje de droege prommen en lit se 24 oeren yn in panne wetter weakje. Helje de pitten út de weakke prommen, en lit se op in leech fjoer stadich gear wurde yn it wetter dêr’t se yn weakke binne.
    De helte fan it siedfocht ôfjitte. De rjemme en de stikken bôle derby dwaan en waarm wurde litte.
    Skep alles oer yn in platte ûneskaal. Strui de amandelsnipels, de kaniel en de sûker oer it mingsel fan prommen en bôle en ferwaarmje it noch tsien minuten yn in hjitte ûne (200˚C).

  • sûkerbôle

    oardel desiliter molke
    2 ytleppels sûker
    1 pûdsje gêst
    350 gram moal
    1 teeleppeltsje sâlt
    40 gram bûter
    3 teeleppeltsjes kaniel
    1 aai

    De molke ferwaarmje oant dy lijwaarm is. Ming de gist en de twa ytleppels sûker dertroch en lit it in pear minuten stean. Ming dan it moal, it sâlt, de raande (!) bûter, it loskloppe aai en de kaniel dertroch. Klieme oant der in moai daai ûntstiet. Lit it daai no 60 minuten rize – yn in waarme romte – yn in kom ûnder in dampe doek.
    Underwylst it bakblik ynfetsje mei bûter en bestruie mei sûker.
    It riisde daai noch efkes klieme en dan de klontsjes sûker dy ’t jo earder makke hawwe (sjoch hjirûnder) der foarsichtich trochhinne klieme. Nochris rize litte, ditkear 30 minuten lang, yn it ynfette en besûkere bakblik.
    Bestryk de riisde bôle dêrnei mei wat molke en strui der noch wat sûker oerhinne.
    Bak de bôle yn in hjitte (200˚C) ûne gear en brún. Tip: de bôle moat hol klinke as jo derop klopje; dat betsjut dat er klear is!
    Ofkuolje litte. Optsjinje mei (tsjokke) bûter (dus net mei margarine).
    Mei (tsjokke) bûter.

    sûkerbôle-sûkerklûntsjes

    150 gr sûker
    3 ytleppels wetter

    Ming de sûker mei it wetter en rier oant der grutte klonten ûntstien binne. In pear oeren stean litte en jo sûkerbôle-sûkerklûntsjes binne klear om te brûken.

koeke-hannen &
koeke-fuotten

  • dúmkes

    150 gram bûter
    150 gram brúne bastertsûker
    2 aaien
    250 gram wite moal
    1 mespuntsje sâlt
    100 gram hazzenuten
    1 teeleppeltsje anyssied
    1 teeleppeltsje gemberpoeier
    1 teeleppeltsje kaniel

    Rier de bûter mei de aaien en de sûker trochinoar, oant it in smeu gehiel is. It moal en it sâlt derby dwaan en klieme oant der in moai daai ûntstiet.
    De hazzenuten fynhakselje en mei it anyssied en it gemberpoeier troch it daai klieme. Bestrui it oanrjocht mei wat moal en rolje it daai út oant it ien grutte plak fan sawat ien sintimeter tsjok is.
    Snij út dizze plak lytse reepkes fan sawat twa by fjouwer sintimeter – sa grut as in tomme! – en bak de dúmkes yn in waarme ûne (150˚C). Dat duorret sa ’n 20 oant 25 minuten.
    Ofkuolje litte en klear!

  • keallepoaten

    100 gram sûker
    300 gram huning
    in healmingel wetter
    350 gram roggemoal
    50 gram bastertsûker
    1 ytleppel koekekrûden
    1 teeleppeltsje anyspoeier
    2 teeleppeltsjes bakpoeier

    200 gram fan ’e huning mei de sûker en it wetter opwaarmje oant alle sûker oplost is. Rier it roggemoal troch it noch waarme mingsel. Ofkuolje litte en tolve oeren op in koel plak stean litte.
    Dêrnei de bastertsûker, it lêste part fan ’e huning en de krûden derby dwaan. Klieme oant der in moai daai ûntstiet en op it alderlêst it bakpoeier derby dwaan.
    Ferdiel it daai yn fjouwer like grutte stikken fan sawat 25 sintimeter lang. Elts stik yn ’e lingte dûbelteare. Lis de fjouwer stikken op in bakplaat mei de iepen side nei boppen. Eltse koeke mei twa fingers om ’e fiif sintimeter in lyts bytsje tichtknipe om moaie keallepoat-rûningen yn ’e sydkanten fan ’e koeken te krijen. Bestrike mei in lyts bytsje molke.
    Bak de koeken yn in hjitte ûne (200˚C) yn sawat 20 minuten gear en brún.
    Lekker ite!