naar NL site

keppelings

frysk

  1. nij-Frysk

    Al bestiet der ek in tsjok grien wurdboek, fol mei tûzenen Fryske wurden, it Frysk hat hieltyd ferlet fan nije wurden. Sjoch hjir om te sjen wat jo noch foar it Frysk dwaan kinne. Der wurdt bygelyks noch socht om in wurd foar “veelpleger”. En soe der al in Frysk wurd wêze foar “…” ja, foar wat eins?

  2. sabeare-Frysk

    Yn 1867 kaam in boek út it jier 1256 foar it ljocht, dat in ieuwenâlde Fryske beskaving beskreau. It Oera Linda-boek, skreaun yn runetekens wie in wiere “hype”. Letter bliek it hiele boek in ferfalsking te wêzen. Mar earst yn 2004 koe bewysd wurde dat skriuwer François Haverschmidt (Piet Paaltjens) de makker wie fan dit sabeare-Fryske boek.

  3. âld-Frysk

    En ûnferfalske Frysk fan eartiids – en dan bedoele wy Frysk fan foar de sechtjinde ieu! – dat is dus dit: Hwet is riucht? List ende kenst, riuchtis ande godis. Haet queth dat, riochtes ende godes? Riuchtes, thet queth rethelike thinga ande riuchtelika thinga, alsa bithiut hit thi paws.

  4. oar Frysk

    Jo binne wier net de iennichste dy’t Frysk praat. Dizze, dizze en dizze Friezen binne der ek noch! Al binne der fan dizzen net sa’n soad mear.

  5. hark-Frysk

    Noch net genoch Frysk praat heard? Harkje dan hjir mar ris nei.

  6. geef Frysk

    En as jo faaks net hielendal wis binne fan jo eigen Frysk, mar jo freonen al graach in geef Frysk brief stjoere wolle, dan moatte jo hjir en hjir wêze.

  7. Nederlânsk-Frysk

    It kin ek samar wêze dat jo in Nederlânske tekst oersette litte wolle yn flaterfrij Frysk of in Fryske tekst op stavering hifkje litte wolle: dat kin hjir. (Dit betûfte taalburo hat ek it Frysk op ús site hifke!)

  8. rym-Frysk

    In gedicht fan Sinterklaas of in leafdesgedicht foar jo grutte leafde meitsje jo samar mei dit on-linerym-wurdboek.

nijs-gjirrich

  1. nijs-stjoerder

    Aktueel Frysk nijs harkje en sjen? Dat kin hjir.

  2. âld nijs ?

    It Fryske nijs yn sawat de âldste krant fan Nederlân (sûnt 1752)!

  3. wrâldnijs ?

    Noch mear Frysk nijs lêze jo hjir en hjir en hjiren hjir

  4. lêze lêze

    Fan ekspresjonisme oant Obe Postma oant it sinnestelsel: wat jo mar witte wolle is hjir te finen. Meihelpe en sels skriuwe oer nijsgjirrige ûnderwerpen kin ek.

  5. skiednis

    Lês mear oer earizers, Grutte Pier en de ruilferkaveling yn dit oersjocht fan hichte- én djiptepunten yn ‘e Fryske skiednis.

  6. jongerein

    Frjentsjer, froask, frommelje, frissel, frommes, frjemd, froeks!

nammen

  1. Auke-en-dy

    Jo hjitte Auke, Bouke, Hieke of Teatske en wolle witte wat dat betsjut? Sjoch dan by dizze Fryske foarnnammen mei harren betsjutting. Sven, Anita, Priscilla-en-dy kinne hjir net telâne.

  2. ien fan

    Binne jo der ien fan Gerritsma, Miedema, Alkema, Takema of Hobbema? En jo binne der net wis fan wêr’t jo famylje wennet? Dan moatte jo hjir mar ris sjen. Dy om utens steane der ek op!

  3. wêr ?

    De stavering fan Fryske plaknammen fine jo hjir. En in spultsje galchje dwaan mei Fryske plaknammen, dat kin dan wer by ús, op spultsjes.dutsen.nl.

  4. hokker fûgel?

    De Gallinago gallinago hat in lange snaffel, brune fearren en in ljochter ûnderliif en hat neat fan ’e Vanellus vanellus. Dy is swart mei wyt en hat sa ‘n grappich túfke. Dizze twa fûgels en harren oare Fryske freonen fine jo hjir en hjir.

kompjûter

  1. sneupmasine

    Op it wrâldwide web binne jo samar it paad bjuster sûnder sneupmasine. Mear Fryske software is der ek te finen op dat grutte web.

  2. klink dan en staverje!

    Foar flaterfrij Frysk sjogge jo hjir foar josels en hjir foar de bern.

  3. twitter

    In twitter is hiel wat oars as in twinter, sjoch.

grien

  1. wylde bisten

    As jo yn it lân, op it wetter of yn ’e loft nuvere, seldsume of frjemde bisten sjogge, dan kinne jo dat hjir of hjir melde. Fotoke meistjoere mei ek. En as jo sels neat sjogge, kinne jo hjir ek sjen hokker eksoatyske fûgels der by jo yn ’e buorren omfleane.

  2. deade bisten

    Somtiden hâlde bisten op fan fleanen, krûpen en swimmen. Jo kinne fansels in gatsje grave yn ’e tún en it earme bistke te hôf bringe, mar jo soene der ek ien bliid mei meitsje kinne.

  3. Fryske bisten

    Gryt Wiersma sjongt prachtich oer it Fryske hynder, mar gjin wurd oer al dy oare Fryske bisten. Om fan Fryske appels noch mar te swijen.

  4. streekrjocht

    Streekrjocht ite fan it lân kin hjir en
    hjir as jo yn ’e Wâlden wenje.

  5. derút

    Jo wolle derút en griene dingen dwaan. Sjoch dan mar efkes op
    ús griene aginda
    .

harkje

  1. fol ear en rom

    Harkje nei dit liet út 1829 dat hjir fansels net ûntbrekke mei en brûs mar ta. Sels sjonge kin fansels ek! En wa’t de tekst net goed ferstiet, moat noch mar ris efkes goed lêze. “Trochloftich” fine wy it moaiste wurd!

  2. wa?

    Soe dit dan it alderfryskste lûd fan Fryslân wêze?

  3. poëzy

    Poëzy harkje oer in man dy’t rinne moat. Benijd nei it oare wurk fan dizze dichter?

  4. live

    Wat der hjir op dit stuit te hearren is, witte wy net. Fuotbal, in nij boek, skûtsjesile, reedride, in grutte brân, ferkiezings… It kin ek wêze dat der gewoan it plaatsje draaid wurdt. Harkje sels mar efkes….

om utens

  1. boun

    It docht bliken dat der folle mear Fryske stêden binne as de alve dy’t oant no ta bekend wiene: De Haach, Utert, Dimter, Swol, Ynskedee binne eins ek gewoan Frysk!

  2. het is een kwestie van geduld

    tot heel Holland…

  3. ûnwennich

    Wa’t wennet yn Amsterdam, Parys, Milaan, New York, Tokio, kin mar ûnwennich wêze as in hûn. Aldergeloks hawwe jo dan de foto’s noch!

  4. sjoppe

    Al binne jo as Fries om utens dan miskien ûnwennich, op it wrâldwide web is Frysk sjoppen ienfâldich: fan bûsdoeken en skelken oant Fryske streekprodukten. En sûnt jo op Marktplaats net mear yn it Frysk sjoppe kinne…!